Snelkeppeling telefoan
As jo fluch en maklik tagong nei dizze webside ha wolle, dan kinne jo dizze as in app ikoan op jo startskerm ynstallearje. Dat is handich foar ûnderweis!
Dit binne de stappen:
Android
- Iepenje de webside yn de webbrowser fan jo Android-telefoan (bygelyks Google Chrome).
- Tikje op it piktogram mei trije stippen yn de rjochterboppehoeke fan it skerm om it browsermenu te iepenjen.
- Selektearje “Toevoegen aan startscherm” yn de menu-opsjes.
- Der ferskynt in pop-upfinster dêr’t jo de namme fan it app-piktogram yn oanpasse kinne. Tikje op “Toevoegen” om it piktogram op jo startskerm te meitsjen.
Iphone
- Iepenje de webside yn de Safari-webbrowser fan jo iPhone.
- Tikje op it dielpiktogram (ûnderoan it skerm, it sjocht derút as in fjouwerkant mei in pylk omheech).
- Skrôlje nei ûnderen ta en tikje op “Toevoegen aan startscherm”.
- Der ferskynt in pop-upfinster dêr’t jo de namme fan it app-piktogram yn oanpasse kinne. Tikje op “Toevoegen” om it piktogram op jo startskerm te meitsjen.