Iisbaan yn ‘e maaitiid
It keunstprojekt ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ ferbynt de kultuer fan iisbanen mei keunst (skilderijen fan Hendrik Elings en ferstille swart wyt opnamen fan Baukje Venema) en de literêre en poëtyske taal fan tolve Fryske dichters en streektaaldichters.
Elts doarp yn Fryslân hat in iisbaan en faak leit de siel fan it doarp dêr yn. Yn de winter wurdt der – spiternôch net sa faak mear – reedriden, mar wy as keunstners sjogge mei oare eagen nei in iisbaan: yn de maaitiid en sûnder iis. It yn linnen útfierde boek dat by dit projekt heart is te bestellen fia útjouwerij Louise.
Keunst ferbine mei taal en fytse troch ús fryske lânskip, hoe moai is dat!
Provinsje Fryslân wol de sichtberens fan it Frysk en de Fryske streektalen yn de iepenbiere romte fergrutsje en stipet dêrom projekten dy’t dat doel tsjinje. It projekt Iisbaan yn ’e maaitiid is in prachtich foarbyld fan hoe’t wy soks mei-inoar realisearje kinne. Nei it boek (2020) en in eksposysje (2022), leit der no in ferfolch foar jo mei trije fytsrûtes by tolve iisbanen del. Mei ûnderweis skilderijen fan Hendrik Elings, ferstille opnamen yn swart wyt fan Baukje Venema en gedichten (analooch en audiofisueel) yn it Frysk, Hylpersk, Biltsk, Stellingwerfs en Snekers. Ek binne der noch trije bysûndere iisbaan-sichtplakken. Foar de minsken dy’t net goed hearre kinne is der by it boerd fan Aldtsjerk in ekstra QR-koade mei in gedicht foarlêzen yn gebeartetaal. Wy hoopje dat jo genietsje sille fan it fytsen troch ús moaie provinsje en fan de keunstwurken en gedichten dy’t jo ûnderweis tsjinkomme sille.
Mooglik makke troch de provinsje Fryslân

© skilderijen Hendrik Elings, © foto’s Baukje Venema, © gedichten Gerard de Jong, Eeltsje Hettinga, Elmar Kuiper, Elske Kampen, Anske Smit, Henk van der Veer, Albertina Soepboer, Johan Veenstra,Janneke Spoelstra, Nyk de Vries, Hein Jaap Hilarides en Baukje Wytsma.
Fideoopnames Petra van der Molen en Rob Pieters, dôvetolken Nimco Hersi en Sofie Helleman, teksten Eddy van der Noord, fotografy skilderijen Frans Foekema en Tryntsje Nauta, kartografy Jaap de Winkel, foarmjouwing Vogelsang grafisch ontwerp, it Hearrenfean, website, Sven Schriever en Baukje Venema.