Sichtplakken

TRIJE BYSUNDERE SICHTPLAKKEN

mei poëzy, skilderkeunst en fotografy

Elts doarp yn Fryslân hat in iisbaan en faak leit de siel fan it doarp dêryn. Yn de winter wurdt der – spiternôch net sa faak mear – reedriden, mar wy as keunstners sjogge mei oare eagen nei in iisbaan: yn de maaitiid en sûnder iis. Keunstsinnich, poëtysk, romantysk en ferbinend. Wy ferbine de kultuer fan iisbanen mei keunst (skilderijen en fotografy) en de literêre en poëtyske taal fan Fryske dichters en streektaaldichters.

Dat sjogge jo by de iisbanen fan de trije fytsrûtes, mar ek op trije saneamde sichtplakken: Wikel, Hylpen en Flylân. Gean derhinne mei de boat, auto as fyts en genietsje fan de skilderijen, foto’s en gedichten op de buorden by dizze trije bysûndere iisbanen!

Kaartje sichtplakken